Aldegeaster Toer en Tsjerke

Jimm’ drege toer en tsjerke
Oan de oare kant fen ’t wiid,
Jimm’ wêzen, ‘k kin ’t sa merke,
Sprekt fier út grize tiid.
Nei ’t stoarjeboek yn wizzens sei,
Komm’ jimme út toalfte ieuw al wei,
Mar leit dyn tiid omfierren,
Sa’n lange rek fen jierren,
Jimm’ stean dêr hjoed yet ûnbidoarn.
En binn’ fen ’t âlde gea de kroan!

Trou stean’ jimm’ neist elkoarren,
Mar dochs net oan’oar fêst.
Wol binn’ jimm’ elkoars skoarren
En fine it sa grif bêst.
Dû toer, sa eptich, foars en heech,
Fen douwe- en bakstien, hecht en dreech,
En kreas omklaeid mei klinkert,
Bist’ fier yn ’t rûn de blinkert;
Min sjocht dy op in ôfstân skoan
As Aldegeaster swide kroan.

Alear yn ’t griis forline,
Wierst’ fins’nis ek foar ’t gea;
Ynwindich kinn’ ‘m yet fine
Hwet jamk de rjochtspraek bea;
in blok stiet yet as pynbank ré,
’t Forklearret ús, ho ’t op dit sté
Mûlk folle kwea forrjuchte
Mei liifspraek waerd bisluchte.
En ’n stiennen deakist, geef as kryt,
Bewarrest sûnder wryt ef slyt.
Dyn klokkelet, sa treftich,
Klinkt út dyn krune wei;
It galmet lûd en kreftich
Ut hege mûlen wei.
’t Klinkt as boadskipjend jubellet,
Of ’t sprekt fen rouwe, leedzje en smert;
De tidenrin koe ’t bringe,
Need ’t âlde gea bispringe.
Sa ’s grytman Jelle Sikkes tiid
Yn fyftjin fyftjin’s neare striid.

En dû, o grize tsjerke
Museum fen dizze groun,
Yn dy, elkien kin ’t merke,
Wirdt skat by skat yet foun; –
Kleurd glês yn ’t âld romaenske rút,
dat byldet kinst en lofwirk út.
’t Seit hwet de tiid hat nommen
As bût fen gean en kommen
Rouboerden jow’ mei wapens oan:
Ofbritsen libbens, fall’ne kroan.

O, grize toer en tsjerke
Oan de oare kant fen ’t wiid,
Jimm’ dregens hat bisterke
De pit fen earder tiid.
Dat moaije, o, dat minje ik sa,
En ‘k wol der graech myn part fen ha;
Jimm’ bliuw’ foar my de tsjûgen
Fol trou yn hechte foegen; –
Hjoed stean jimm’ ljochtsjend, ûnbidoarn
Oerein as de Aldegeaster kroan.

 
  1. út: “Fen lang ferlyn” fan Sjouke de Zee,  1954

  2. Locatie gedicht op Dichterpaad: