Winternacht

Gakkerjende guozzen bringe my langstme,
elts jier op ‘e nij, oan ‘e ein fan ‘e hjerst.
Nei in blaugriis lekken fan froast en stilte
op kâlde winterdagen, oer in lân dat sliept.


Beammen lâns paden hingje keal oan ‘e krún,
wachtsjend op wetter, nimme winter yn acht.
Yn tsjustere tûken slagge wjukken fan ûlen,
ear ’t ik se ferlies yn ‘e leechte fan ‘e nacht.

Rûch en hurd, de grûn, en kâld.
Hurdfêrzen it fjild, it lûd, de tiid.
Yn wûnder feroare, dizze iensume wrâld,
as de moanne deroer har ljocht wer skynt.

Dizze paden, se gean’ oeral hinne,
bringe my thús, wêr ’t ik mar winskje.
Moanne of sinne, yn elts seizoen.
Dit is myn lân, hjirmei fiel ik my ferbûn.

 
  1. Gedicht van Jakobus van der Ploeg