FERLINE

Aldegea,
Smellingerlân,
myn bertelân.

Op in hoare simmerjûn
stoarje ik oer de Muontsegroppe.
Dêr, dy beammen, de oare kant:
Smelle Ie.
Dat reade spultsje.

‘k Hear myn oerpake praten, laitsjen,
nei in dei dreech bodzjen.
En, as ik skerper harkje,
de Benedictijner muontsen,
har fee oanroppend dat al wer fier
fan ’e kleasterheuvel dwaald is
en yn ’e Ie de gleone dei ôfspielt.

Dan skuorre de klokken fan
de âld Sint-Agatha my werom yn ’t no.
Tiid foar in Kâld Kletske
op it terras fan de Skippersseal

 
  1. Gedicht van Douwe Kootstra, Feanwâlden