It lytse fan it doarp

It lytse fan it doarp, dêrom,
hieltyd dyselde tsjerketoer,
dat elkenien syn namme koe,
woe hy der wei.

Hy is net om ‘e ljippen bleaun
of foar de skippen op ‘e mar,
it lûd fan izers oer it iis,
ek net foar har.

Fier fuort fan pompeblêd en praat
fûn hy de romte dy’t er socht,
hy hat der inkeld net oan tocht,
oan it heitelân.

Sa njonkenlytsen troch de tiid
waard him de romte dêr te wiid,
bekroep it âld gefoel op ‘e nij,
woe hy der wei.

Hy is net foar de ljippen kaam
of foar de skippen op ‘e mar,
it lûd fan izers oer it iis,
ek net foar har.

It lytse fan it doarp, dêrom,
hieltyd dyselde tsjerketoer,
dat elkenien syn namme koe
kaam hy werom.

 
  1. Gedicht van Giny Bastiaans | Tytsjerk