Do hast hjir rûn

Do hast hjir rûn,
as ik fierder rin
fiel ik dy.
Bist sa ferskuorrend
tichtby.
De wyn is myn tinzen,
it rûzjen dyn stim.
Dit paad is sa folle mear,
as efkes kuierje

Hônke

 
  1. Gedicht van Johannes de Boer | Drachten