MAAT

It bûnzjen fan myn bloed beharkje ik
dravend oer it fraaie dichterspaad,
en it tik-tik fan myn hert en it wik-wik
fan it tinken is myn maat.

Fan minsklike ûnfolsleinens komt besef
om’t ik net hurder draaf of better tink.
Bin ik wol goed, bin ik soms lef,
bin ik, as dy-en-dy, wol like flink?
Wat hat it universum mei my foar?
Wêr sit myn reade holle op te brieden?

Moat ik mysels net wêze mar in oar?
Ik wit it net. Myn libjen is myn rieden.
Ik gean der op dit dichterpaad mar foar
en lit my liede troch de Aldegeaster mieden

 
  1. Gedicht van Eric Hoekstra