HEIT EN IK

Wy rûnen yn in leane sûnder ein
Heit en ik. De sinne struide skaden
dy ’t ik pakke woe. De doar yn de beam
soe iepengean as ik him oanrekke.

Under in stobbe njonken it paad lei
it goud sa foar it opkrijen. Eefkes
fierderop rôp in fûgel dat ik wol
komme koe. Fansels hearde heit it ek.

Hy lake, aaide eefkes oer myn hier.
Doe liet er los. Noch nea rûn ik sa fier.

 
  1. Gedicht van Jurjen van der Meer, Terkaple