MAITIIDSMIMERINGEN

in tuorrebout aait tsjin de reiden
de titelroazen laitsje yn ‘e wâl
it kikkerdril begjint te wrotten yn it kroas
de lamkes bokke-springe yn it farske lân
in jerk buorket tusken it opkommende piipkrûd

it dwerspaad noeget de kuierder út
in bliere fytser stekt de hân omheech
in fûgel jout antwurd mei har suverste sang
it tou om de hikkepeal is ferware

nuete reeën eamelje oerdei mei it minskdom
en slûgje yn de pear oerbleaune beamwâlen en it strewelleguod
in noflik reintsje faget de natoer kreas skjin
de âlde toer glimket yn it jûnsrea
de sinne jout har del, it skimert yn Aldegea

 
  1. Een gedicht van Froukje de Vries-Galema