Sjoch de nacht

No, ik tink dat it tsjuster
nei’t de smoarge saken skjin binn’
en lûden lûder lûdzje
yn’t ôfwêzige hjir is

As de romte wol de romte krijt
en deistige drokte stoarn is
en dêrom net fertoand is
út de himel wei snijd

ûnder tsjustre tekkens
komme stjerren bleat
tinzen wurde taastber
yn dreamen út it neat

God sjocht it swurk wol driuwen
en lûkt in stjer oan de sturt
Oft it de Prins fan’t Tsjusters’ wurk is
Mar it stjerke is fuort

No komt it noch foar’t ljocht
dat in minske winskje mocht
dy winsk kin langer skine
as ljochtskyndagen ferdwine
dat hie’k ek nea tocht

ûnder tsjut’re tekkens
komme stjerren bleat
myn taast’bre dreamen driuwe
yn tinzen nei it neat

 
  1. Een gedicht van Winfried Bruinsma