TWA WJUKKEN

jawis
út myn siden groeie samar
twa wjukken
seit it lytse jonkje
as ik wier hurd tink

en dan

jawis
as ik wier sa hurd tink
dan flean ik mysels
samar nei de himel op eigen wjukken
seit it lytse jonkje

ik dream mysels
fleanend nei dat hege plak
dat hege stee
om te frijen mei in ingel
yn har wite skurte en leave earmen
op ús beider wjukken
heech boppe de krinkende minsken fan dizze wrald

jawis
ut myn siden groeie samar twa wjukken
seit it lytse jonkje
as ik wier hurd tink

en dan

as ik wier sa hurd tink
dan flean ik mysels
samar nei de himel op eigen wjukken
seit it lytse jonkje

sa sêft
sil dan myn siel wol wêze
sa sêft
sil dan myn hert wol slaan
as ik wol

en as ik wier hurd tink
dan flean ik sa seft
nei de himel
eltse dei
seit it lytse jonkje

 
  1. Een gedicht van Lubbert Jan de Vries, Burgum