FIER FAN KÂLDE DROKTE

Fier fan kâlde drokte
skilderje ûntelbere gerskes
de wrâld skjin grien. Sportyf
meitsje de sprútsjes plak foar
giel en wyt en read en brún.

Fier fan kâlde drokte hâlde wite
wolken feest mei de fel blauwe
loft, boartet de sinne mei grien,
giel, wyt en read en brún.

Roppich fret ik alles mei myn eagen op,
oant yn it iisskjinne wetter sjansende
kikkerts de stilte sjarmant
oan smots kweakje.

Sa’t ik sin krij oan sûpengroatten brij,
mei sjerp!

 
  1. Gedicht van Martsje Mud