Wat is het Dichterspaad

Gelegen aan de rand van Nationaal Park De Alde Feanen en te midden van uitgestrekte landerijen in het kenmerkende Wâldske coulisselandschap leent Oudega zich uitstekend voor unieke wandelroutes. Heerlijk ‘kuierje’ in de buitenlucht, langs smalle vaartjes, door dichtbegroeide bosstroken en over eeuwenoude polderdijken.

Naast een fanatiek wandeldorp is Oudega bovendien van oudsher een cultuur-minnend dorp. Vandaar dat samen met het plan voor een wandelpad ook het idee voor een poëzieroute ontstond. Eén en één is twee, waardoor nu het Dichterspaad Aldegea op u ligt te wachten voor een heerlijke kuiertocht. Dus trek de wandelschoenen aan en laat u verrassen!

Route Dichterspaad

Langs de route van het Dichterspaad Aldegeda komt u 18 gedichtenpanelen tegen. Stuk voor stuk staan ze op prachtlocaties, die de moeite meer dan waard zijn om even de pas in te houden. De dichters laten u met hun woorden de schoonheid van het gebied zien. Nog nooit vulden woord en beeld elkaar zo mooi aan. De totale route van het Dichterspaad Aldegea telt maar liefst 25 kilometer aan wandelplezier. Het rondje links is ruim 17 kilometer in totaal, het rondje rechts is 8 kilometer. Uiteraard kunt u er ook voor kiezen om de route te fietsen. De gehele route is befietsbaar, maar op enkele punten zult u even af moeten stappen om met de fiets aan de hand uw tocht te vervolgen.

Binnenkort zullen er naast de teksten ook audiofragmenten op deze website verschijnen. Zo kunt u het gedicht ter plekke of na afloop thuis nog eens rustig terug luisteren. Tot slot nodigen wij u uit om uw reactie achter te laten in ons gastenboek.

Wandeltochten Alle om Slachte Kuier
Download hier de routekaarten:

PDFRoutekaart 10 KM
PDFRoutekaart 21 KM

Wetterleafde

by it skulpepaad lâns
streamt
glinsterjend rimpelich wetter

in âlde meänder
slingeret
by reidpôlen del
ûnder brêgen troch
bringt en hellet har koele rikens
dei út dei yn

somtiden
yn rêstige kadâns

dan wer oerstjoer
mei wite tûfen
op har weagen

by ‘t simmer
of djip swart beferzen
nimt se my mei
yn har betsjoening

Aukje Wijma

Bevroren water

ik stuur je

geen boot
die de bruisende stroom trotseert

geen waterlaarzen
voor een hoge waterstand

geen zakdoek
die de overvloed aan tranen dept

ik stuur je
water voor onder je voeten

bevroren water
dat het ijs breekt tussen mensen

ik stuur je
bloemen voor op je ramen
pluk ze met beide handen

je zult niet langer naamloos zijn

Jelly Timmer

Waterspiegel

vanuit de diepte
kijk je me aan
zoveel zachter
ik kan in je opgaan
zoals ik je zie
nu en nabij
witte wolken drijven
binnen, drijven over
het water rimpelt
in de wind
manen mijn haar
manen het jouwe

Baukje Koolhaas

Terapy

Yn in grien mar grau dekor,
dripket bitter wiet ûnder dyn
suterich mûtske wei.
Stadich gûlt de grize loft dyn
grime fuort, betinkt de natoer
in wûndermoaie wink:
In lyts brún dier nimt dy in hiel skoft
strak op, set dy dan mei grutte soarch
gewoan wer goed teplak.

Martsje Mud

Synteze

Wat as ik in tuseart plet
as de maitiidsinne komt
split en de pitsjes siedzje
yn dyn achtertún
njonken de maaieblommen
krijst dan maketten
of dikke tommen?

Wat astû in ierpel snijst
de plakjes op myn krúsbeiplant leist
krije wy dan krûpelhintsjes as ierdbeien?

Sa raar ha wy gjin mar befard
mar túnkjen is in fak apart.

Sigrid Kingma

Stoarmje

stoarmwyn
jaget myn bûsen fol blêden
ikels sa hurd as stien
slaan dobkes yn myn holle

dweiltrochwiet
plof ik del oan de keukentafel
ik doch myn hân iepen, read en
goud en giel dwarrelje omdel

stoarm giet lizzen, mar wêr
leit ‘r dan, tink ik, op dat
grize bêd oan ‘e kime?
skimer komt troch de ruten
en mei fleurige roffeltsjes rein
falt de jas my stadich
fan ‘e skouders

Ridzert Postma

sa’n dei

sa’n dei as hjoed
it gea mei goud oergetten
wurden wurde wei
neat te rêden
hjir past alles ynelkoar
de puzelstikken
do en ik, de hiele wrâld
wurdt ien en falt te plak

Swaan Postma-Vondeling

Rop út de stilte

de reiden bûge
foar my har plûmen omdel
as de wyn dat wol

fan hûs út wit ik
it moat bûge of barste
dêr tusken sit neat

myn holle siket
de wurklist thús op tafel
de fingers in pin

de reiden rocke
op it ritme fan de wyn
se daagje my út

wat rêst in stânfries
as in stim út de stilte
him by namme ropt

myn binnenste keart
ik ha nearne wurden foar
’t wurdt sa stil yn my

rop út de stilte
as myn natuer tsjin my is
mei ik dan by dy

Harm Woelinga

Pake’s wurkferskaffingsdyk

Hy makke lange dagen troch ‘t slyk
op ‘e fyts fier fan hûs,
alle sneinen
en mar skreppe en mar wrotte,
hiele lange einen
oan dy eindeleaze wurkferskaffingsdyk.
Dóchs ha ik by ‘t monumint wol lake.
“Hier is het gat gedicht”
mar fier oer de helte, pake.

Siebe Siebenga

Nije woartels

in mijn wieg zijn ze nooit gelegd
die klanken
waarover mijn tong nog steeds struikelt
toch zingen zij een fier lied
dat zeilt voor de wind
over sloten en meren
in een landschap bedauwd met vogels

dan tel ik er elf
parels van schoonheid
en vergaap mij aan dit stedensnoer
wat dwarsig gedrapeerd in de klei
zij bekronen de inspanning van eeuwen
eens begonnen tussen slikken en schorren

te vaak moet de winterkoorts daar nu wijken
voor sterke verhalen uit kleine glaasjes
ik zie konen vlammen
zij schieten vuur in elkaars ogen
want nooit zal het verlangen doven
naar ijs

mijn eerste adem is ver weg allang verwaaid
mijn laatste mag zich hier ooit verweven
met de wisseling van patronen
in dit wolkenland

René Romijn

Moarke en mem

Soms hat ús Moar in mûs,
dan krijt se komplimintsjes.
Soms snipt ús Moar in fûgeltsje,
dan spuit ús mem raar guod.
Soms sliept Moar yn har koer,
dan mei’ we har net steure.
Mar leit se boppe op in bêd,
dan reaget mem har fuort.

Hast altyd docht Moar har gerak
bûtendoar of op ’e bak.
Mar skyt se in kear op it kleed,
dan giet it need.

Soms woe ik dat ik Moarke wie
en dat ik poezedingen die.
Mar as mem Moar
boas bûten set,
bin ik har
leaver
net.

Jurjen van der Meer

Mei it muzyk mei

as melodyen langer net tebinnensjitte
eagen almar taaste yn it tsjuster
tinnitus trommelfluezen teistert
wolsto dan myn tamboer-mêtre wêze
dan rinne wy mei hege knibbels op ‘e pas
oer de binnenpaden fan Metusalim

nim my by de fearten del
dêr’t wy fisken, swommen
sinne sûnder erch ús rêgen skroeide
dêr’t wy einenêsten rôven yn’e reiden
wiete sokken tsjin ‘e hikke kletsten
skrokken fan stampfee yn ‘e greide

fan swierwaar op neare jûnen
it knetterjende koper fan de flits
dêrnei it donkere dreunen fan ‘e trom
safolle tellen eangst, stadich tichter by
oaremoarns ferwaaide nêsten yn ‘e wâl
de lichte toan fan slakkespoaren op beton

stap do wer as in stoaterske hoanne
jou kordaat de mjitte oan
smyt de stêf nochris heechop
sadat er skitteret yn ‘e sinne
tikje ik de tingels op ‘e triangel
as soene wy de taptoe rinne

Henk Nijp

Kuierklompen

De earste stap, de lêste tree,
it libben is een kuiertocht.
Op gieltsjes en scherjontsjes
ha jong en âld it paad besocht.

It West, De Wear, de Achterwei
oan heit en mem har hân.
De Wide Ie, de Heawei oer
mei’t stokje troch it lân.

Mar klompen slite as in minsk;
in skuor, in oast, in gat;
de kuiertocht rint nei de ein,
it wylgehout kapot!

Harmen Houtman

It wiete gerslân

Fyntûkich bringe bjirk en els my
nei it blauferljochte lânwetter
dêr’t in winterloft yn driuwt;
my in rêst foarhâldt en freget
nei it fleanderige fan myn dwaan
dat gjin berêsting ken.
Dan lit de spegeling my sjen
hoe’t yn beferzen grûn it bjintgers
geduldich wachtsje kin op groei
en my ta ynkear bringt.

Marije Roorda

Hjerstmoarn

De dize jout de reiden stâl
lûkt dan werom nei ’t blakstill’ wetter
en dreamfertyzjend nimt er grauens,
swiere stiltme mei
sa wurdt de hjerstdei,
kâld, fan neare nacht besibbe
no stadich klaaid yn ‘t tear’ en wazich ljocht
fan d’iere moarn
dan
twyfeljend
mei d’earste sinnestrielen
dy ‘t plom en twigen no har taastbere kleur oanmjitt’
sjoch ik
oandien
it tsjuster noch yn d’ eagen
in stripe ljocht dy ‘t as fjoer
oer ’t wetter sjit

Wil Stelling

Deirinner

Hjir steane jo op ’t dichterspaad
fan Aldegea. Wat sil ik dichtsje,
hoe beskriuwe dit gea.

Sykje hâldfêst, beide fuotten
op de grûn. Rjochtsje de rêch,
de holle heech. Sjoch nei lofts,
nei rjochts, nei efteren en foar.

Rûk de greiden. Fiel de wyn.
Hear it fûgelkoar, alle dagen
oare lûden, nije.

Bedjipje de stilte yn josels,
hein de skientme fan it swijen…

Ytsje Hettinga

De Gealânswei

Op sa’n moaie moarn op in maitiidsdei
rin ik wer nei de Gealânswei.
De hagedoarn stiet yn ‘e pronk,
‘k hear it roppen fan de hij.
It sânpaad, eltse stien en stap,
binne fertroud foar my.
Sa rin ik stadich de tiid werom
fan it bern op ’e Gealânswei.

Hjir boarte ik oan de wetterkant
fan de feart oan de Gealânswei.
Ik fong de stikelbearskes dêr.
‘k Fûn it earste eineaai.
‘k Hear yn ‘e fierte wer dy stim,
ús mem dy’t ropt nei my.
‘k Tocht doe, it libben bliuwt altyd sa
fan it bern op ’e Gealânswei.

Der kaam in tiid dat ik sûnder spyt,
weidreau fan ‘e Gealânswei.
En ik liet, al hie ik it net troch,
it bern ek efter my.
No kom ik graach wer nei it plak,
dêr’t tiid gjin hân op lei.
En ik hear dy heldere laits werom
fan it bern op ’e Gealânswei.

En rinnend oer it âlde paad,
oer de stille Gealânswei,
de ûnrêst dy’t my hieltyd driuwt
lit my no efkes frij,
dan fyn ‘k wer wat ik tocht as bern:
Der komt moarn wer in dei
mei nije wûnders yn de wrâld
fan it bern op ’e Gealânswei.

Giny Bastiaans

Blikopener

Ik maak
graag iets dat stuk was
er liever geen potje van
het jou naar de zin
van mijn leven een leerschool
soms boerenkool

Jij opent
jezelf om te leren
je armen voor liefde
deuren voor velen
mijn blik voor het ongewone
soms een blik bonen

Er valt
genoeg te genieten
ons steeds meer op
telkens meer te zien
veel natuur te beleven
soms ook regen
maar daar kunnen we tegen.

Andries de Jong

Dichterspaad Aldegea is een project van: Gemeente Smallingerland en Feriening foar doarpsbelang Aldegea.

Het project is gefinancierd door provincie Fryslân, Gemeente Smallingerland, Feriening foar doarpsbelang Aldegea en Leader; Europees Landbouwfonds voor Plattelands- ontwikkeling: Europa investeert in zijn platteland.

EMAIL US