By de feart

Wie it ea earne frediger as hjir, oan’e âlde

Aldegeaster Feart? Mei syn earste en syn

twadde bocht, it eilantsje flak foar de iepen

snút, dêr’t breedút in wite swan yn driuwket.

In fisker fangt syn eigen gedachten en

prakkesearret se teplak. It blauwe boatsje fynt

rêst oan de polderdyk. De rappe draafster op

it Fokke Wietske Paad liket op’e rin foar

alles wat se dwaan wol en moat.

It âljen fan in kealjende ko klinkt

it Gealân oer. Kalm skoot in kano foarby.

In lichte rimp’ling en it is wer stil. Hjir

wit ik altyd út hokker hoeke de wyn waait.

 
  1. Antsje Mud