Tûke en bûtengewoan wichtige ûndersikers hawwe konstateard dat der yn ‘t strewiel fan ‘e ferneamde beamwâlen yn ‘e Fryske Wâlden, letterlik nochal wat
frjemde saken barre. Hjir is, sa sizze se nei yngeand ûndersyk en in bytsje oerallich, dúdlik sprake fan massale mearwiverij. Bern witte dêrom net hokker domdryste
menear harren wiere heit is. De hoannige manlju fersiere mei uterlik fertoan elk frommis dat har foar de fuotten komt om tegearre tusken wielderich en smûk beamtegrien te ferdwinen.
Ja, yn de Noardlike Fryske Wâlden makket it pystige readsturtsje der ta fernuvering, in potsje fan.
Gedicht van Martsje Mud