Desimber

Undergrûnsk wrot in mol syn paadsje

skjin, lit bultsjes farske modder as ripe

pûsten ta it gêrs útbarste. Wetterkâld

waait in westewyn swart troch de tûken.

Storein leit in glâns oer it flierkleed fan

útklaaide beammen. Djip en dridzich spoare

brede trekkerbannen troch it almar hinn’en

wer karkjen fan stjonkende kuilbult nei

kôgjende kowebekken. It hiem heukert har wat

troch de tiid. Dizenich de skieding tusken

ljocht en tsjuster, riuwe de dagen

oaninoar ta ien lange skimerjûn.

 
  1. Gedicht van Antsje Mud