Oan’e Skieppekampen is in boskje, ien hektare grut
Dêr wennet Tomke mei syn frou, yn in nêst mei’t lytse brut
It paradys hat as skepper de boer: ferslacht de beammen, hy is god
Dy god besegelt hjir it lot, en Tomkes aventoer
Tomke skarrelt syn kostje op tusken toarnbeitûken
En boskarbeiderkofjebekers dêr’t se sprongen om’e stûken
Yn’t slachfjild binne noch mear beammen merke om te seagjen
Om’t opskot foar te wêzen tink, net om it nêst te pleagjen
Elts jier op’e nij is it de fraach: hoe sil’t mei’t paradys beteare
Hokker beammen yn dit Tomke-Eden sil god hjir fúsijeare
Yn’t kleare ljocht dat hy dan skept, dêr kin nij libben tiere
En alle Tomkes mei wipkesturten it libben prachtich fiere
Gedicht van Winfried Bruinsma