De Moanne

foar myn jonges

Linich hingje ik tsjin de heldere
jûnswyn, skyl handich it deistich
wêzen en dream mysels werom nei jim
swietrôze rûken, tûzenen tinne

túten en krûpkes sêft as
side. Suver as fansels stoar
súntsjesoan út jim it lytse bern,
oerhearsken samar grut gebeart en

swiere lûden it âldershûs. Jim eagen,
blaugriene rivieren dêr’t ik mysels
ynienen út opdûken sjoch, sykje
steefêst fier en fierder mar, hjir is

folslein fan my foar
jim, dizze pynlik moaie en ripe
moanne, foar oeral en altyd.

 
  1. Gedicht van Martsje Mud