De Gealânswei

Op sa’n moaie moarn op in maitiidsdei
rin ik wer nei de Gealânswei.
De hagedoarn stiet yn ‘e pronk,
‘k hear it roppen fan de hij.
It sânpaad, eltse stien en stap,
binne fertroud foar my.
Sa rin ik stadich de tiid werom
fan it bern op ’e Gealânswei.

Hjir boarte ik oan de wetterkant
fan de feart oan de Gealânswei.
Ik fong de stikelbearskes dêr.
‘k Fûn it earste eineaai.
‘k Hear yn ‘e fierte wer dy stim,
ús mem dy’t ropt nei my.
‘k Tocht doe, it libben bliuwt altyd sa
fan it bern op ’e Gealânswei.

Der kaam in tiid dat ik sûnder spyt,
weidreau fan ‘e Gealânswei.
En ik liet, al hie ik it net troch,
it bern ek efter my.
No kom ik graach wer nei it plak,
dêr’t tiid gjin hân op lei.
En ik hear dy heldere laits werom
fan it bern op ’e Gealânswei.

En rinnend oer it âlde paad,
oer de stille Gealânswei,
de ûnrêst dy’t my hieltyd driuwt
lit my no efkes frij,
dan fyn ‘k wer wat ik tocht as bern:
Der komt moarn wer in dei
mei nije wûnders yn de wrâld
fan it bern op ’e Gealânswei.

Giny Bastiaans

 

No comments yet