Deirinner

Hjir steane jo op ’t dichterspaad
fan Aldegea. Wat sil ik dichtsje,
hoe beskriuwe dit gea.

Sykje hâldfêst, beide fuotten
op de grûn. Rjochtsje de rêch,
de holle heech. Sjoch nei lofts,
nei rjochts, nei efteren en foar.

Rûk de greiden. Fiel de wyn.
Hear it fûgelkoar, alle dagen
oare lûden, nije.

Bedjipje de stilte yn josels,
hein de skientme fan it swijen…

Ytsje Hettinga

 

No comments yet