Rop út de stilte

de reiden bûge
foar my har plûmen omdel
as de wyn dat wol

fan hûs út wit ik
it moat bûge of barste
dêr tusken sit neat

myn holle siket
de wurklist thús op tafel
de fingers in pin

de reiden rocke
op it ritme fan de wyn
se daagje my út

wat rêst in stânfries
as in stim út de stilte
him by namme ropt

myn binnenste keart
ik ha nearne wurden foar
’t wurdt sa stil yn my

rop út de stilte
as myn natuer tsjin my is
mei ik dan by dy

Harm Woelinga

 

No comments yet