Stoarmje

stoarmwyn
jaget myn bûsen fol blêden
ikels sa hurd as stien
slaan dobkes yn myn holle

dweiltrochwiet
plof ik del oan de keukentafel
ik doch myn hân iepen, read en
goud en giel dwarrelje omdel

stoarm giet lizzen, mar wêr
leit ‘r dan, tink ik, op dat
grize bêd oan ‘e kime?
skimer komt troch de ruten
en mei fleurige roffeltsjes rein
falt de jas my stadich
fan ‘e skouders

Ridzert Postma

 

No comments yet